exibições de letras 298

Hippert Hipe

Meindert Talma

Letra

    De sinistere fugelkop fan Jelke
    Foar syn grutte bek en driigjende ferskyning
    Deinsden al myn maten snel tebek
    Hy skopte hurd, ik wie te let
    Yn myn bline bangens sprong ik rjocht yn in
    stjonksleat
    In groppe fierder smiet ik myn
    Benaudens yn in skreau fan freugde wei
    Ik dream it nei en it wurdt wei

    Eltse dei fuotbalje en sleatsjespringe
    Yn grutte griene learzens
    It fjochtsjen mei de openbare stjonksigaren
    Oant de bloedkoeken harren op de plasse stie

    De sliding fan Dick Schoenaker, de skjirre fan Tscheu
    La Ling
    Foar it husbesite fan in alderling
    De Heare Jezus is Dick Passchier
    Mei syn gulle laits en syn swart boskje hier
    Sloop John B. fan The Beach Boys is pakkende
    gospelsjongerij
    Troch de Feanster Shalom Singers
    Yn konvinsjonele hippykledei
    Ik dream it nei en it wurd wei

    Hippert hippert hipe hoenear silstu lipe
    Yn maaie, yn maaie as alle fugeltsjes kraaie
    Dan komt Jan mei it skerpe mes, hy sil dy de kop
    ofdraaie
    Heal of, hiel of, fluite fluite fljoch der of


    Comentários

    Envie dúvidas, explicações e curiosidades sobre a letra

    0 / 500

    Faça parte  dessa comunidade 

    Tire dúvidas sobre idiomas, interaja com outros fãs de Meindert Talma e vá além da letra da música.

    Conheça o Letras Academy

    Enviar para a central de dúvidas?

    Dúvidas enviadas podem receber respostas de professores e alunos da plataforma.

    Fixe este conteúdo com a aula:

    0 / 500

    Opções de seleção